Page 8 - Letterhoeke 2019-1
P. 8

seedyk keunstwurk                     It keunstwurk út 1993 op de seedyk by
                                      Marrum. (Foto Haye Bijlstra)
klaai bekroade oer it seesân
grutte dunen lâns it slyk
yn klaai en sân beklonken peallen
froulike tolve yn ’t gelid
tille de kop fan d’ âlde seedyk
boppe minske tinken út
swier oerstekkend presintearblêd
hommaazje oan elk dy’t focht foar
droech

it sporten. Reedride, it leafst op    Vredeman de Vries yn Ljouwert.         skoalmaster stoarn wie. No kin ik
natueriis, docht er op selsmakke      Hy groeide op yn Akkrum. Heit          der wat makliker oer prate, earder
houten redens. As der iis leit, is    wie baas fan De Ruiter, it redens-     skeat ik samar fol as ik deroer
er ‘ontoerekeningsvatbaar’, sa’t      fabryk, en mem wie kleanmakster.       fertelde.’
er sels seit. Nei in bytsje froast    ‘Us mem sei dat ik as poppe yn de
stapt er sa achter hûs wei in smel    widze altyd al nei de beammen lei         de skoalle
sleatsje op. It leafst rydt er op de  te sjen.’ Op de legere skoalle hie
Blaugerzen by Terkaple/Eagmaryp.      er in minne tiid. Hy hat der lang         de koperen kruk
En oars is er yn de iishal te finen   in ôfkear fan skoalmasters oan            de doar nei it gymnastyklokaal
dêr’t er ek trainingen jout. ‘Ik mei  oerhâlden, hoewol’t er tsjintwur-         de doar nei juffer bylinga
ek graach fuort op de racefyts. En    dich ek wol aardige ûnderwizers           dêr trou ik letter mei
op it wetter fiel ik my o sa thús,    tsjinkomt. ‘Ik seach altyd nei            de doar nei master hoekstra
ik bin in echte siler, dat doch ik    bûten, de beammen, tûken en               dy skopte my sear
yn itselde gebiet as dêr’t ik ryd.’   fûgels. Ik wist alle nêsten en koe        de doar nei it hantwurklokaal
Yn syn jonge jierren koe er goed      alle blommen. Dat telde blykber           de oare kant húskes
drave. By de âldste junioaren wie     net, ik die te min rekkenjen en taal      de drinkfontein
er yn 1965 de de bêste fan Fryslân    en moast alle dagen neibliuwe.            de kelderdoar – koalehok
oer in hiel jier op de 1.500 meter.   Dan moast ik myn hân ophâlde              de doar nei juffer horrel
                                      en sloech skoalmaster my. Ik bin          de doar nei master inia
Minne tiid                            ek allemachtich skopt. Noch altyd         ik bin der nachts noch bang foar
Ids Willemsma folge nei de am-        dream ik derfan, dan bin ik nachts
bachtsskoalle de keunstakademy        oan it fjochtsjen. Sels nei’t de

Skriuwsels                                                                   Houten hûn, bernewurk fan Ids doe't er
Mei ‘skriuwsels’, sa’t Ids Willemsma syn teksten en gedichten neamt,         in jier as acht wie. (Foto Linus Harms)
is er nei de ambachtsskoalle begûn. Altyd yn it Frysk. ‘Ferdwaald is
wolris wat publisearre, mar dêr ha ik noait sels achteroan west.’ Yn
1997 kaam by útjouwerij Perio de bondel (mei cd) Buorman Dada en oare
gedichten út. ‘Ik ha gjin ferstân fan literatuer, ik bin in gefoelsminske.
In keunstwurk is in kwestje fan gefoel en sa is dat mei it skriuwen ek.
It ûntstiet út iensumheid, langstme of wille.’

8 | LETTERHOEKE 1 2019
   3   4   5   6   7   8   9   10   11   12   13